Follybalster Hester Jasper ferruilet Snits foar Suhl

It wie te ferwachtsjen en it sil no ek echt barre. VC Snits sil it yn it nije seizoen dwaan moatte sûnder toptalint Hester Jasper. De 18-jierrige Hester kiest foar Suhl, dêr't earder har suster Marrit Jasper ek al spile.
Hester Jasper (argyffoto) © www.dijksfotografie.nl
Hester hie earder al oanjûn dat se mear traine woe. "De Duitse competitie is een hele mooi competitie voor na de Nederlandse. Je kunt daar twee keer op een dag trainen en je volgt een professioneel programma", fertelt Jasper. "Bij de topclubs is het niveau heel hoog. Dat je daar tegen mag spelen, is echt leuk. Suhl is middenmoot, dus dat is een mooi opstapje voor mij."
Sus Marrit Jasper spilet no yn Aken, mar har earste klup wie ek Suhl. "Ze vertelde dat het een super leuke club is, met hele leuke fans en een hele mooie sfeer in de hal."
Hester Jasper sil nei Dútslân ta
Hester moat earst fansels traine foardat se meidwaan mei mei wedstriden. Yn augustus moat se har melde yn Suhl. Dêr makket se har no noch net te bot drok oer. "Ik zie het allemaal wel. Ik laat het op me af komen."
Se traint op it stuit ek mei it Nederlânske team. "Daar leer je ook heel veel nieuwe dingen. Het is ook spannend natuurlijk." Fan trainer Jamie Morrison kin se in soad leare. "Hoe je bijvoorbeeld passend en aanvallend oplossingen kunt zoeken om bijvoorbeeld een harde service goed te brengen. Heel veel techniek eigenlijk."
Hester fynt it noch spannend om sa fier fuort wenjen te gean, mar hat in soad nocht oan har nije aventoer.